Burgum

24 maaie - 1 juny 2024

logo


Kening & Kening

Kening & Kening

Iepenloftspul Burgum spilet yn 2024 de famyljefoarstelling  ‘Kening & Kening’

Spesjaal foar dizze foarstelling wurde jo útnûge yn it keninkryk ‘Engie’. Dit lytse keninkrykje leit ferskûle oan ‘e râne fan de Burgumermar. Betink wol, jo ha allinnich tidens de foarstellings de kâns om dit bysûndere keninkryk te bewûnderjen.

It ferhaal is as berneboek skrean troch Stern Nijland en Linda de Haan út Burgum.  It giet oer in keninginne dy’t eins wol mei pensjoen wol. Mar har soan, de prins, is noch net troud en hy hat ek noch gjin partner. Dit moat fansels earst regele wurde foar hy tot kening kroant wurde kin.