De kaartferkeap foar iepenloftspul ‘In see fan lân’ yn de Doarpstún fan Snakkerbuorren is los. Fan 1 maaie ôf kinne kaarten online reservearre wurde fia iepenlofspulsnakkerbuorren.nl. De telefoanyske ferkeap set 1 juny útein.
‘In see fan lân’ is in poëtysk en muzikaal leafdesdrama dat spesjaal foar iepenloftspul Snakkerbuorren skreaun is troch Hans Brans. Brans basearre him by it skriuwen op in wier bard ferhaal dat earder yn it Volskrant Magazine ferskynde. Net allinne it bringen fan in orizjineel Frysk stik is dit jier in primeur foar Snakkerbuorren. Ek sil der dit jier foar it earst live-muzyk te hearren wêze. ‘In see fan lân’ giet op woansdei 5 july yn premjêre. De regy is yn hannen fan Wouter Daane.