Toppenhuizen

18 septimber - 23 septimber 2017

logo


De Striid

De Striid

Toanielferiening Fordivedaesje bestiet 40 jier en dat wolle hja witte! Fordivedaesje hat de âlde folksêge fan de trije reuzen  bewurkje litten troch de  skriuwers Paul van Dijk en Jurjen Faber. Beide mannen  binne ûnder oaren bekend fan teaterselskip Knûkel. De toanielferiening is bliid en grutsk mei it script.

Haadpersoan yn De Striid is lytse Piter. De doarpen wurde slim bedrige troch de trije reuzen en dêrneist  is der ek noch heech wetter op komst. Kin lytse Piter dizze eleminten de baas, of...?! Jo sitte earste rang in ien fan ús preammen en wy farre jo oer it Ges by  DE STRIID lâns.

De haadregy is yn hannen fan Fordivedaesje sels. Dêrnjonken freget it stik in protte sub-regiseurs. Dit alles hat te krijen mei it ferskaat oan sênes en lokaasjes. De Striid  freget ek in soad spylders. Mar Fordivedaesje hat har bêst dien beide doarpen te mobilisearjen. Mei man en macht hat Top en Twel de skouders der ûnder set. Jong of âld, frou of man, betûft of nijkommer, elts hat in plakje yn dizze bysûndere produksje.

Jo binne wolkom by DE STRIID!