NON-AKTIEF giet oer it kleasterlibben.
Yn Feankleaster hat in pear ieuwen lyn it kleaster stien; de Oliifberch, Mons Oliveta. Dit wie in mingd kleaster. Dus nonnen en muontsen libben tegearre under ien dak. Al wiene se skieden fan elkoar troch in muorre, it gie net altiid goed. It kleaster rekket yn ferfal as de ien nei leste non ferstjert yn it kraambed en de muontsen reitsje yn de mearderheid. Wa moat no foar de lytse poppe en de oare bern soargje? Dan untfange se fan de aartsbiskop in brief fanut it Vatikaan dat de paus it kleaster slute wol, omdat it net mear rendabel is. Werop de muontsen beslute om sels it heft yn hannen te nimmen. Ferskate wylde ideeen passere de revu. Mar in famenrof liket harren it alderbeste plan. Dat sil it kleaster nij libben ynblaze. Of dizze teory ek yn de praktyk wurket? Ja, dat is de fraach...
Koartsein reden genoch om dizze simmer nei Feankleaster, Skiermuntseach of Gerkeskleaster te gean foar de nije en fiifde spetterjende foarstelling.
Set no alfest foar de foarstelling NON-AKTIEF 2018 yn jo aginda:
29, 30 juny, *1 en 6, 7, *8 , 14 july, 1 septimber 2018
* Succes/min waar opsje 15 oere
Oanfang 20:00 oere. De Brink te Feankleaster
14 july op Skiermuntseach, 1 septimber yn Gerkeskleaster, ynformaasje folget noch