De Stichting Iepenloftspul De Harkema sil yn septimber 2018 it stik ‘De Oerbliuwers’ opfiere.
It stik is skreaun troch sjonger/keunstner Gerrit Breteler en wurdt regissearre troch Ypy Zysling.
Ynspirearre troch in artikel fan de ekonome Heleen Mees oer it tema ‘emigraasje fan plattelâns-bewenners nei de grutte steden’, ûntstie in fantasy oer de fraach hoe realistysk dit plan yn werklikheid is. Ynteressant dêrby is oft bewenners sa’n beslút samar oer harren hinne komme litte en hjiryn meigeane of harren eigen plan lûke.
Mei dit toanielstik wolle we berikke dat minsken harren der bewust fan wurde, dat se altyd sels de rezjy oer it eigen libben hâlde kinne, ek al soe dat betsjutte dat der soms frjemde keuzes makke wurde moatte en útdagings oangien.