Bakkefean

23 juny - 1 july 2018

logo


OERLIBJE

OERLIBJE

Oerlibje.        

 De striid tusken de mienskippen

Dizze foarstelling merket him troch de hjoeddeistige tematyk en de ferbining mei de (oare) mienskip(pen). De ferbining tusken jong en âld komme yn dizze foarstelling byelkoar.

De striid dy’t hâlden wurdt mei “Big Brother” is watching you, ek in hjoeddeisk ûnderwerp mei in tsjokke fette knipeag nei de taal Frysk/Nederlâns.
"Der wurdt gjin Frysk sprutsen yn de Haadstêd".
Hoe hâldst dysels steande as persoan yn in earmoediche maatskippij wêrby de diktatuur oerwinning fiert, wêr eangst en honger hearskje?
Hokker aspekt skept nea eangst of panyk? Want hoopje docht libben en de dea wurdt ynienen net mear wichtich? Dat is leafde, freonskip en famylje!
Yn dizze foarstelling komme de hjirboppe neamde ûnderwerpen oan bod, spile troch bern, jongeren en folwoeksenen.

Dizze absurdistische foarstelling giet oer de maatskippij fan Banevka (ferkapping fan Bakkefean. Banevka bestiet út 5 ferskillende mienskippen                                          (oarspronklik gemeente Opsterlân, Like, Smellingerlân, Oostellingwerf, Noorderveld).

De foarstellingen wurde hâlden yn de perioade fan 23 juny oant 1 july en spilje him ôf op de sânflakte yn de dúnen fan Bakkefean en nei it skoft yn it swimbad Dúndelle. 

Kaartferkeap: info@dundelle.nl Telefoan: 0516 541493

Foarferkeap: € 12,50

Bern oant en mei 12 jier heal jild

Kaart jouwt rocht op 1 konsumpsje

23,24,30 juny oanfang: 20.30 1 july oanfang 16.30

Alles wat jo fierder witte wolle kinne jo fine op www.bakkeveen.nl
Oerlibje is in produksje fan, Jeugdtheater Bakkefean, Toanielselskip Nij Bigjin mei gearwurking fan ‘t de Radius project fan Allardseag.

 

 


 

 

 

 

23 juni 2018
20.30 oere
 
24 juni 2018
20.30 oere
 
30 juni 2018
20.30 oere
 
1 juli 2018
16.30 oere