Aldegea

17 maaie - 25 maaie 2019

logo


De Riedselman fan Aldegea shadow

De Riedselman fan Aldegea

De Riedselman fan Aldegea
In  âld  man  sit  yn  in  ferpleechhûs.  De  ferpleechsters  ha  gjin  idee  wat  der yn  syn  holle  omgiet,  mar  wy  sjogge  syn  ferhaal. It  ferhaal  giet  oer  Hattum  Alleman  junior  dy't  op in dei  om  1808  hinne  it beslút  nimt  alles  achter  him  te  litten  om  op  reis  te  gean. 
It  is  net  dúdlik  dat  hy  dit  docht  foar  it  aventoer  of,  dat  it  faaks  út  oare  reden  wie  wêr  troch  hy  ôfreizgje  moast.  It  lân moat  yn  it  suden  lein  ha,  mar  east  of  west is  ek  net  útsluten.  
Wol  witte  we  fan  in oerlevering  út  dy  tiid  dat  hy  yn noardlike  rjochting  ôfsette. 
Dit  ferhaal  giet  oer  syn  fuortgean,  syn  reis  en  syn  ferbliuw  yn  it  Fryske plak  en  doetiidske  gritenij  Aldegea  yn Smellingerlân.  Hjir  waard  hy  bekend as  Hattum,  in  man  dy't  ûnder  oaren  tûk  wie  yn  it  opjaan  fan riedsels.  
It wie  ek  in  riedsel  dat  him  úteinlik  út  de  finzenis  hold. Mar  Hattum  wie  mear  dan  dat,  hy  wie  in  echte  Alleman,  men   hâlde  fan him  en  men  wie  bang  foar  him. 
Hy  waard  bejubele  en  ferhune,  like frjemd  as bekend.  
Immen  sa  as  wy,  op  reis.       


 

 

 

 

17 mei 2019
20.30 oere
 
18 mei 2019
20.30 oere
 
24 mei 2019
20.30 oere
 
25 mei 2019
20.30 oere
 

Bestel kaarten