Suwâld

27 juny - 6 july 2019

logo


Oera Linda

Oera Linda

Der wurd flústere dat yn Suwâld de wierheid ferburgen leit. In ieuwenâld manuskript fertelt oer in fjouwertûzen jier âlde Fryske beskaving. It Oera Linda-boek, skreaun yn runentekens, is ien fan de grutste riedsels oait.

Neffens Australyske maagden, fanatike oanhingers fan it boek, soe it begjin fan alle beskaving begûn wêze yn Suwâld. It opperwêzen Wralda makke neffens it boek trije oermemmen: Lyda, Finda en Frya. Frya is de oermem fan it ryk Fryslân en fan de maagden. Sy makken in fiere reis om nei de wierheid op syk te gean. De maagden, frije Friezen, de skriuwers fan it boek en Fryske striders komme gear yn dit spannende iepenloftspul.

Wat driuwt harren en wat ha sy mei inoar te meitsjen? Wat hat it boek skreaun, en is dit in geniale grap mei in dramatyske ôfrin?Wat is der krekt bard, wat is de wierheid? Wat hat de skriuwers dreaun, wat is harren ferhaal en hoe is it harren nei de publikaasje fan it boek fergien?

Lit dy meifiere nei it begjin fan de tiden, en lit dy ûnderdompelje yn ien fan de grutste riedsels oait: It Oera Linda-boek.

Wat is wier en wat is net wier? Wat is it ferhaal efter it ferhaal?
Leit yn Suwâld it begjin fan de hiele beskaving sa’t de Australyske maagden bewearje? Geane wy de wierheid efterheljen?


 

 

 

 

27 juni 2019
21:00 oere
 
28 juni 2019
21:00 oere
 
29 juni 2019
21:00 oere
 
4 juli 2019
21:00 oere
 
5 juli 2019
21:00 oere
 
6 juli 2019
21:00 oere
 

Bestel kaarten