Snakkerbuorren

26 juny - 6 july 2019

logo


Fan mûzen en manne

Fan mûzen en manne

‘Fan mûzen en mannen’

 

… rau en leafdefol, humoristysk en oangripend …

 

Yn de smûke Doarpstún fan Snakkerbuorren bist dizze simmer wolkom by de Fryske iepenloftpremjêre fan ‘Fan mûzen en mannen’.

 

‘Fan mûzen en mannen’ fertelt it ferhaal fan in bysûndere freonskip tusken twa mannen en spilet him ôf yn de jierren ’30 fan de foarige ieu yn Amearika. De arbeiders George en Lennie komme oan op in nije buorkerij om dêr te wurkjen. Fan harren eardere wurkplak binne se flechte om’t de geastlik beheinde Lennie fertocht wurdt fan oanranding fan in jonge frou. Lennie hâldt der nammentlik fan om sêfte bisten, foarwerpen of minsken oan te reitsjen en te aaien. Dêrby ferjit hy dan lykwols syn eigen krêft mei alle gefolgen dêr neffens.

 

Op it nije wurkplak begjint alles goed en de grutte dream fan beide mannen om in eigen pleatske te hawwen mei gewaaks, kninen en oare bisten soe wolris útkomme kinne. Mar, hoe bot se harren bêst ek dogge, it needlot slacht ta.

 

Data en tiden

woansdei 26 juny (premjêre) 21.00  oere    (reserve 30 juny-1 july)

reed 28 juny            21.00  oere     (reserve 30 juny-1 july)

sneon 29 juny         21.00  oere     (reserve 30 juny-1 july)

woansdei 3 july           21.00  oere    (reserve 7 july-8 july)

tongersdei 4 july        21.00  oere    (reserve 7 july-8 july)

freed 5 july            21.00  oere    (reserve 7 july-8 july)

sneon 6 july            21.00  oere    (reserve 7 july-8 july)