Se hawwe der genôch fan. De bisten fan Wassenaar’s buorkerij. Underdrukt, opsletten en te min iten. Allegearre foar it bettere plaatsje. Se komme yn opstân tsjin de fijân: de minske. Under lieding fan de bargen wurdt de boer derút goaid en bouwe de bisten in bettere wrâld. Hoera!!!
Der wurdt libbe neffens de prinsipes fan it Animalisme. Dêr is elkenien gelyk. Mar sommige bisten binne mear gelyk as oaren…. Mar dat kin ek net oars. Dat begrypt dochs elkienien, dy ‘t each hat foar it gruttere plaatsje…………
Animal Farm nimt de minsken mei nei in yntins krêftige wrâld fan George Orwell, dy ‘t mei grutte helderheid sjen lit hoe ‘t hebsucht en macht ferskuorrende gefolgen hawwe kinne.
Iepenloftspul Opsterlân bringt yn septimber in bewurking, dy ‘t sjen lit dat Orwell’s ferhaal út 1945 hjoed de dei noch altiten aktueel is. In foarstelling mei spilers fan jong oant âld mei muzyk, live spile troch De Spijkerpakkenband út Opsterlân, en in soad beweging/dûns.