Suwâld

17 septimber - 25 septimber 2021

logo


Op Hoop fan Segen

Op Hoop fan Segen

It wol en wee fan fiskerswiddo Kniertje en de oare froulju dy't harren neisten oan de see ferlearen lit nimmen kâld. Seker at Kniertje foar it gruwelijke dilemma komt te stean of't se har jongste soan Barend ek nei see stjoere sil. Harren gefjocht om te oerlibjen bukt ûnder it herteleaze belied fan reder Bos liedt ta ien konklúzje: de fisk wurd djoer betelle.


Op Hoop fan Segen is de opfolger fan it mei in Gouden Gurbe bekroande iepenloftspul ‘Oera Linda’. De Frysktalige produksje wurdt bûten opfierd op in yntime lokaasje ûnder it smûk skaadzjend beamtegrien. Dizze klassiker is it meast spile Nederlânske toanielstik op de wrâld en waard ferskate kearen ferfilme. It fiskersdrama fan Herman Heijermans hat noch neat oan sizzenskrêft ferlern en sil mei heechweardich spul en prachtige muzyk opnij minskjen glimkje litte en reitsje yn it hert.


 

 

 

 

17 september 2021
20.00 oere
 
18 september 2021
20.00 oere
 
23 september 2021
20.00 oere
 
24 september 2021
20.00 oere
 
25 september 2021
20.00 oere
 

Bestel kaarten