Snakkerbuorren

15 septimber - 25 septimber 2021

logo


Galgen

Galgen

Al fjouwer generaasjes makket it Fryske famyljebedriuw Helfrich Bretels galgen fan de
alderheechste kwaliteit. As âld-direkteur Bouke Helfrich op tachtichjierrige leeftyd komt te
ferstjerren, treffe soan Wybrand, de dochters Tsjitske en Margje en de oare neiste famylje
elkoar om ’e kiste. Mei help fan útfeartlieder Tine Schaap wolle se heit op in weardige wize
nei syn lêste rêstplak bringe.
As ûnder de tariedingen dúdlik wurdt dat Bouke Helfrich net allinne in achtenearre lid fan de
mienskip wie, mar ek frijwat tsjustere kanten hie, feroarje de plannen. En driget de
plechtichheid folslein út ’e hân te rinnen. Frou Schaap docht der, tsjin better witten yn, alles
oan om de begraffenis neffens de regels fan de funerêre etikette ferrinne te litten.
‘Galgen’ is in swarte komeedzje oer in famylje fol geheimen.


 

 

 

 

15 september 2021
20.00 oere
 
17 september 2021
20.00 oere
 
18 september 2021
20.00 oere
 
21 september 2021
20.00 oere
 
23 september 2021
20.00 oere
 
24 september 2021
20.00 oere
 
25 september 2021
20.00 oere
 

Bestel kaarten