Dronrijp

17 juny - 2 july 2022

logo


Wraak en Gewisse; De fusillade op 'e Ryp

Wraak en Gewisse; De fusillade op 'e Ryp

11 april 1945. De fusillade by de brêge fan Dronryp.
As represaille foar de aksjes fan it ferset, bringt de Dútske Sicherheidsdienst 14 finzenen rjochting it spoar by Hatsum. By de brêge fan Dronryp wurde sy opskrikt troch in Ingelsk gefjochtsfleantúch. De Dútsers wolle gau fan de finzenen ôf en beslúte om se te fusilleren. 
Wraak en Gewisse giet oer de gebeurtenissen rûnom dizze fusillade en is basearre op wier gebeurde ferhalen. Hjirfoar binne argiven en publikaasjes rieplachte en ha der petearen west mei famyljeleden fan de belutsenen.