Jou mij wjukken
In Fryske bewurking fan de film” As it is in Heaven”
Jou my wjukken fertelt it ferhaal fan de grutte Daniël Daréus,
in fioelist, mar benammen in ferneamd dirigent, dy’t op in
kearpunt stiet yn syn libben. Hy wurdt siik en giet werom nei syn bertedoarp. Hy rekket belutsen by it pleatslike koar en dan bart der fan alles….
Troch de komst fan Daniël komt it libben fan eltsenien yn in
streamfersnelling…
It koar giet foargoed nije wegen yn. Daniël lit it koar as groep
funksjonearje en inkele yndividuen, krije wjukken (vleugels) en ferlizze harren grinzen….
Gabrielle dy’t har liet sjongt en frij komt fan har man.
Dominee dy’t sjocht dat syn mienskip har losmakket.
Daniël dy’t úteinlik syn leafde doart te ferklearjen.
De mienskip fan it koar is de ûndergrûn foar dit meislependeferhaal fol leafde en dramatyk.