Snakkerbuorren

29 juny - 9 july 2022

logo


Nei Man

Nei Man

As in loketamtner fan syn dokter te hearren krijt dat er net lang mear hat, komt er foar de fraach te stean wat it libben him brocht hat en wat er neilit nei syn dea. Altyd hat er him netsjes oan de troch de maatskippij en de troch himsels foarskreaune regeltsjes holden, mar hat er dêr wol goed oan dien?

Op syn syktocht nei antwurden komt er yn ’e kunde mei in pakjebesoarger, in swalker, in
jonge mysterieuze frou en oare stedsbewenners. Allegear sjogge se oars tsjin it libben oan. Fûleinich begjint de man brieven te skriuwen. Mar oan wa? En wat moat er sa hurd noch kwyt allegear?

Nei Man is losjes basearre op de film Ikiru út 1952 fan de Japanske regisseur Akira Kurosawa. Al skriuwend hat Raymond Muller der lykwols in hiel eigen draai oan jûn. Hy en regisseur Brecht Wassenaar hawwe de swiere tematyk omset yn in foarm fan byldzjend teater mei in soad humor.


 

 

 

 

29 juni 2022
21.00 oere
Premjêre
1 juli 2022
21.00 oere
 
2 juli 2022
21.00 oere
 
5 juli 2022
21.00 oere
 
7 juli 2022
21.00 oere
 
8 juli 2022
21.00 oere
 
9 juli 2022
21.00 oere
 

Bestel kaarten