Easterwierrum

16 juny - 25 juny 2022

logo


Troch de Raarderbosk

Troch de Raarderbosk

‘Troch de Raerder bosk’, in oersetting, basearre op de film ‘Into The Woods’ sil spyle wurde. It artistyk tiim bestiet dit jier út Joke Krist foar de musyk en trije nije minsken. Jelke Rijpma en Gerwin de Vries binne de nije regisseurs en Geronimo Chancoso giet mei de dûns oan ‘e slach. Jelke Rijpma en Gerwin de Vries binne akteurs en teaterdosinten by Tryater. Geronimo Chancoso is ôfstudierre yn ‘e sounddesign en is dûnsdosint. It stik is bewurke troch Peter Sijbenga en hy hat ek de muzyk en de lietteksten skreaun.

Into the Woods is in film út 2014 mei as regiseur Rob Marshall. It is in kombinaasje fan de bekende mearkes fan Jiskepûster, Raponsje, Sjaak en ‘e beanestaak en it ferhaal fan de Bakker en syn frou, dy’t wanhopich nei in bern langerje. Spitigernôch binne sy troch in heks ferfloekt, sa’t sy gjin bern krije kinne. Sy moatte ferskate proeven trochstean om ‘e floek op te heffen.

We meitsje der wer in machtich, prachtich moai BIS jier fan lykas wy dat al mear as 30 jier dogge! It sil heve op 16, 18, 19, 22, 24 en 25 juny en wy hawwe der no al nocht oan.


 

 

 

 

16 juni 2022
20.00 oere
Premjêre
18 juni 2022
20.00 oere
 
19 juni 2022
15.30 oere
 
22 juni 2022
15.30 oere
 
24 juni 2022
20.00 oere
 
25 juni 2022
20.00 oere
 

Bestel kaarten