Friens

29 juny - 10 july 2022

logo


Godlike Komeedzje2.0

Godlike Komeedzje2.0

Yn boeken, toanielstikken en films binne de opwaarming fan it klimaat en de ûndergong fan de ierde al moai wat jierren in populêr tema. Ek teatergroep FIER fan Friens, Idaard, Eagum en Reduzum draacht dêr mei Godlike Komeedzje 2.0 in stientsje oan by fan ’t simmer.

Neffens guon astronomen besteane der bûten ús universum, mei al syn miljarden stjerrestelsels, noch folle mear universums. De god fan ien fan dy oare universums biedt de god fan dit universum oan om syn skepping te rêden. Mar hoe moat dat? Troch te fersoberjen? Of troch ekonomyske groei en nije technology?

In hilaryske en tagelyk konfrontearjende komeedzje fan skriuwer Sietse de Vries en regisseur Job de Roo.


 

 

 

 

29 juni 2022
20.00 oere
 
1 juli 2022
20.00 oere
 
2 juli 2022
20.00 oere
 
8 juli 2022
20.00 oere
 
9 juli 2022
20.00 oere
 
10 juli 2022
14.00 oere
 

Bestel kaarten