De Tynje

24 maaie - 3 juny 2023

logo


Freddy!

Freddy!

Freddy Mercury that is, wa wit no net wa't dat wie? As er meidwaan soe oan 'beste zangers', dan soe er kear op kear de beste weze, want dat wie er: de beste sjonger. Miskien wol fan de hiele wrâld. Wa wie dy man eins? En wat wie hy sûnder syn musyk? Wat wie hy sûnder Roger, Brian en miskien wol syn bêste maat John? Oftewol de legendaryske band Queen?

Mar goed, as je no net witte wa Freddy wie, dan seit de musyk fan de band Queen je miskien mear. Safolle ferskes, safolle fariaasje yn stylen fan musyk. Basrifkes, drumsolo's, gitaarthema's en -dêr is er wer- de werkenbere, magistrale stem fan Freddy.

It Iepenloftspul 'Freddy, hâld my net tsjin!' lit fragmenten sjen út it libben fan Freddy èn fan de leden fan de band Queen. Want sizze je Queen, dan sizze automatysk Freddy en oarsom. Boppedat sjogge we dizze enthousiaste ploech spilers net allinnich, we hearre se ek fansels tusken de scenes troch de bekende nummers fan Queen sjongen. Mar dan yn it Frysk! En hjir en dêr wat 'Grunnings' of yn it originele moaie britse Ingelsk. 

 

In live band, enthousiaste spilers -en tegelyk betûfte sjongers-, deskundige technykminsken, en al dy oaren dy't net op de planken stean, mar wol efter de skermen bulten wurk ferset ha, soargje der mei syn allen foar dat jo genietsje kinne fan in moai stik, authentiek iepenloftspul. Sjoch en harkje mei ús mei nei: Freddy! Hâld my net tsjin.

Oftewol; Don't stop us now! We're having such a good time.

Really, such a good time. Be there.


 

 

 

 

24 mei 2023
21.00 oere
 
26 mei 2023
21.00 oere
 
27 mei 2023
21.00 oere
 
30 mei 2023
21.00 oere
 
3 juni 2023
21.00 oere
 

Bestel kaarten