Tjerkwerd

17 juny - 18 juny 2023

logo


De Beabuorstermole en de striid tsjin it wetter...

De Beabuorstermole en de striid tsjin it wetter...

Tsjerkwert, gjin doarp mei in hiel ryk teatraal ferline. Hoewol ‘t der mear as ien kear toaniel opfierd waard. Der falt altyd genôch te belibjen. No stiet der in iepenloftspul op it program. Unyk lokaasje-teater by de Beabuorstermole yn Tsjerkwert. De poldermole dy’t al jierren ynsetten wurdt yn de striid tsjin it wetter en sûnt 1882 pronket op buorskip Beabuorren. De Tsjerkwerters diene it ûndersyk en makken in konsept. Teatermakker Romke Gabe Draaijer waard frege foar de tekst en bewurking. De rezjy is yn kundige hannen fan Hillie Altenburg. It ferhaal spilet him ôf yn de tiid fan mûnders-pear Wyberen en Hyke Koopmans. Buorjonge Jouke Hylkema sei eartiids -De Beabuorster mole- it plak dêr’t alles him ôfspilet, wie in plak dêr’t de wetten fan ienfâld en ôfsûndering hearsken. Teminsten, sa fielde dat oan. Wybrigje hâld in sprekbeurt. It giet oer: Molens! De hjoeddeistige bern hawwe der net safolle mei. Molens binne bo-o-o-ring. As dochs net? We sjogge Caspar de Robles dy’t de boeren foarhâld, it is dykje of hingje. It Wetterskip wat net sa heech opjout fan dizze poldermole. En... Wat stiet ús te wachtsjen mei de feroarings fan it klimaat? Is de mole fan weardeleaze mearwearde, of hawwe we him yn de takomst bot nedich? Leare wy fan de skiednis, of tinke wy dat it ús net oerkomt? Dik tweintich Tsjerkwerters, wêrûnder in oantal basisskoalle bern, hawwe in rol of binne figurant en dogge mei oan it spektakel. Dêrneist spilet de fanfare muzykferiening Eensgezindheid in rol yn de muzikale omlisting. Alle belutsen eigners rûnom de lokaasje binne entûsjast sa ek de eigner fan de mole Stifting De Fryske Mole. Dêrneist is der in soad stipe fanút fûnsen en bedriuwen. Der binne twa foarstellings. Ien op sneontejûn 17 juny om 20.00 oere en sneins 18 juny om 15.00 oere in matinee foarstelling. Foarôf stiet der in kopke kofje of tee foar jo klear!

 

 

 

 

17 juni 2023
20.00 oere
 
18 juni 2023
15.00 oere
 

Bestel kaarten