Easterwierrum

22 juny - 1 july 2023

logo


Pippi!

Pippi!

It famke mei de reade sturtsjes sa sterk dat se in hynder tille kin. Mei har “gewoane” freonen Tommy en Annika is se altiten op paad. Pippi set har ôf tsjin elkenien dy't har opfiede wol en wol alles wêze útsein normaal en gewoan!  Ik haw it noch noait dien, dus ik tink dat ik it kin! Wa is hjir net grut mei brocht? Tsjintwurdich tinke we dat we alles kinne, dus wat seit Pippi ús no noch yn 2023? 
We wurde hjoed-de-dei bot bedjêrd. Alles wat we mar yn 'e hús hawwe wolle kinne we bestelle mei ien klik op 'e kompjûter of op 'e telefoan. En it leafst sa goedkeap mooglik. 
Dit jier wurdt it Berneiepenloftspul dan ek sponsere troch “Amazonas Unlimited Dot Com”
We wolle ús haadstiper dan ek hertlik tank sizze foar it mei mooglik meitsjen fan it Amazonas Unlimited Dot Com Berneiepenloftspul 2023. As alles mei ien druk op in knop te bestellen is, bliuwt der dan noch wol wat oer foar de fantasij? Hellet al dat goedkeape guod net ús ferbylding fuort? Mar lokkigernôch is Pippi der dy't ús meinimt yn har ferbyldingskrêft en ús sjen lit wat de wearde fan unyk-wêzen is. Of kinne bern lykas Tommy en Annika, Pippi mei beide fuotten op de flier hâlde? Gean mei op dizze reis fol fan glûperige oanbiedings, ferfelende folwoeksenen, mar boppedat in soad fantasij, ferbylding en freonskip. By it Amazonas Unlimited Dot Com Berneiepenloftspul 2023! 

 

 

 

 

23 juni 2023
20.00 oere
Premjêre
24 juni 2023
20.00 oere
 
25 juni 2023
15.30 oere
 
28 juni 2023
15.30 oere
 
30 juni 2023
20.00 oere
 
1 juli 2023
20.00 oere
 
2 juli 2023
15.30 oere
EKSTRA FOARSTELLING

Bestel kaarten