Akkrum

21 septimber - 24 septimber 2023

logo


De Heksen

De Heksen

IEPENLOFTSPUL DE HEKSEN AKKRUM

Nei njoggen jier is it wer safier. Akkrum krijt har twadde iepenloftspul. En ek dizze kear is de tún fan Coopersburg de lokaasje dêr ’t op 21, 22, 23 en 24 septimber 2023 de foarstelling De Heksen opfierd wurdt.  It ferhaal fan De Heksen is basearre op it boek ‘The Witches’ fan Roald Dahl. De regy is yn hannen fan Gouden Gurbe-winner Job de Roo. De measte spilers en sjongers komme út Akkrum-Nes en omlizzende doarpen. De Roo bewurke foar Dreamteater Akkrum it ferhaal fan De Heksen ta in iepenloftspul. En hoewol’t je by heksen net fuort oan freonskip en leafde tinke is it dochs it grutse leafdesferhaal dat ea troch Roald Dahl skreaun is. De tún fan Coopersburg is neffens de Roo it perfekte plak om it ferhaal ek echt belibje te kinnen; fan ferlies oant wer fierder gean, fan ferstilling oant spektakel.  

De Heksen komme nei Akkrum, komme jo ek? Jo binne tige wolkom!

 


 

 

 

 

21 september 2023
20.00 oere
útferkocht
22 september 2023
20.00 oere
útferkocht
23 september 2023
20.00 oere
útferkocht
24 september 2023
20.00 oere
útferkocht
27 september 2023
20.00 oere
 

Bestel kaarten