Jorwert

3 septimber - 28 septimber 2024

logo


Bitter Swiete Pil

Bitter Swiete Pil

Mei it stik ‘Bitterswiete Pil’ leit Jorwert de latte wer heech foar harren sels. De tragikomeedzje en musical fertelt it ferhaal fan it gesin Hiddinga, dêr’t alles foar de wyn liket te gean. Mar al gau docht bliken dat dit mar skyn is. Mem Marián sit sûnt in auto-ûngemak oan swiere pinestillende pillen. En hoewol’t se wit dat dy hiel ferslaavjend binne, komt se der mar net ôf. Ien fan de bywurkingen fan dy pillen is dat se dingen heart en sjocht dy’t der net binne. Foar Marián is de bywurking dat se faak it idee hat dat se yn in musical meispilet. En se hâldt net fan musical. ‘Bitterswiete Pil’ lit de ôftakeling fan Marián sjen en bytsje by bytsje wurdt dúdlik dat it net it auto-ûngemak is dêr’t har echte pine sit. Dy leit folle djipper.

Jorwert lûkt dizze simmer alle registers op it flak ‘spektakel’ iepen. De muzyk spilet in wichtige rol yn ‘Bitterswiete Pil’ en is ditkear wer ûnder lieding fan Jorrit Laverman. Neist in seiskoppich koar, begeliedt hy ek in live band. En oft dat noch net genôch is, meitsje dit jier de dûnsers fan Dance Company 058 harren entree yn de Notaristún. Dizze dûnsers, dy’t op ynternasjonaal nivo prizen behelje, steane garant foar in bulte enerzjy op it poadium. En dan de spilers noch, fansels. Wat dat oanbelanget is der ditkear in miks tusken fêste crew (foarsafier’t dy yn Jorwert bestiet), wer-yntreders en nij talint.


 

 

 

 

3 september 2024
20.30 oere
Rabojûn
5 september 2024
20.30 oere
Rabojûn
6 september 2024
20.30 oere
Premjêre
7 september 2024
20.30 oere
 
10 september 2024
20.00 oere
Personielsferienings
12 september 2024
20.00 oere
Bedriuwsjûn
13 september 2024
20.00 oere
 
14 september 2024
20.00 oere
 
17 september 2024
20.00 oere
 
18 september 2024
20.00 oere
 
20 september 2024
20.00 oere
 
21 september 2024
20.00 oere
 
24 september 2024
20.00 oere
 
27 september 2024
20.00 oere
 
28 september 2024
20.00 oere
 

Bestel kaarten