Harkema

10 septimber - 20 septimber 2025

logo


The Phantom op 'e Harkema

The Phantom op 'e Harkema

The Phantom op 'e Harkema is in ferneamde romantyske trageedzje. It ferhaal spilet him ôf yn de 19e iuw yn de Paryske Opera en draait om de mysterieuze ” Phantom “, in maskere man dy’t ferburgen libbet yn de katakomben fan it operagebou.

Christine Daaé, in sjongeres yn de Paryske Opera, wurdt op in dei ûntdutsen troch in mysterieuze stim dy’t har begeliedt en sjongles jout. Se leaut dat dit har ‘ muzykingel ‘ is, stjoerd troch har ferstoarne heit.

Yn werklikheid is dizze stim ôfkomstich fan de Phantom, dy’t fereale is op ha. Hy wol har stim perfeksjonearje. De Phantom, dy’t him altyd ferburgen hâldt fanwege syn mismakke gesicht, wurdt hieltyd mear obsedearre troch Christine. Hy besiket har te ferlieden om by him te bliuwen en jout har in haadrol yn ien fan syn opera’s. Underwilens werkent Christine har jeugdfreon Raoul, dy’t no in rike graaf is. De twa wurde fereale.

De Phantom, dy’t himsels as in meunster sjocht en Christine as syn iennichste kâns op leafde, wurdt jaloersk op Raoul. Hy ûntfiert Christine en nimt har mei nei syn ûndergrûnske skûlplak, in labyrint ûnder de opera. Hy twingt har om by him te bliuwen, mar se is ferskuord tusken har meilijen mei de Phantom en har leafde foar Raoul.

Yn de klimaks fan it ferhaal konfrontearret Raoul de Phantom om Christine te rêden. Uteinlik smeket Christine de Phantom om begrutsjen en toant him in foarm fan leafde troch him te tútsjen, nettsjinsteande syn mismakke gesicht.

Rekke troch har tagedienens, lit de Phantom har gean en ferdwynt, syn hert brutsen. Syn lichem wurdt lnea fûn. Hy bliuwt in legindarysk figuer yn de opera. 

Tema’s: 

It ferhaal ferkent tema’s as leafde, obsesje, skientme en ôfwizing. De Phantom is in tragysk figuer dy’t de dualiteit tusken goed en kwea yn ien persoan fertsjintwurdiget.