Toanielselskip Lytse Krêft út Garyp fiert dit jier harren 65-jierrich jubileum.
En wy sille no wat dwaan wat wy noch nea earder dien hawwe.
Yn septimber sille wy it iepenloftstik "Linquenda" spylje.
Dit alles fynt plak achter de pleats fan Thomas en Geertsje Bijlsma op de Easterein.
Linquenda is skreaun troch Aan Pander en hy sil it ek regiseare.
Wy sille it stik fiif kear spylje fan freed 12 septimber oant saterdei 20 septimber.
Reservedata:
Saterdei 27 septimber (middeis)
Snein 28 septimber (middeis)