Emile Pernot, in oan leger wâl rekke wynhanneler, ervet ûnferwachts in wyndomein yn it lytse Frânske doarpke Sardets. Hy wurdt sá fereale op it moaie doarpke, dat er beslút om boargemaster te wurden. Dat slagget him, mar tagelyk kriget er dêrmei de swiere taak op syn skouders om it gehucht fan in driigjende ûndergong te rêden. Dan ûntdekt Emile in sliepende fulkaan en besiket dy mei help fan de ynwenners fan Sardets om te toverjen ta in toeristyske attraksje. De situaasje rint kompleet út de hân. Sa as Plouc, de swijsume help fan Emile seit: "Op in dei bist de moanne kwyt, wylst de stjerren oan it tellen bist..."
