Dreamlân is in aventoer foar jong en âld. In kostbere skat is stellen fan it skip fan kapitein H. Dêrom ûntfiert hy “Wendy” teminsten dat tinkt hy. Hy wol har ruilje tsjin de skat en set Peter ûnder druk.
Mar ienkear oankaam yn Dreamlân lizze de kaarten ynienen oars en bedarje se yn ûnwerklike, hast magyske situaasjes. Belibje se dit echt of dreame se it allegear?
Dit iepenloftspul is skreaun yn opdracht fan it jongereinbestjoer. It is in ferhaal fol jaloerskens, spanning en sensaasje, mar ek mei sprankeljende leafde en freonskip foar altyd.


