Toanielferiening Nij Bigjin bestiet 95 jier!
Om dit te fieren bringe wy dizze simmer ‘De Fulkaan’ yn Bakkeveen. Yn de tún fan De Scheperij mei live muzyk, wurdst yn Frânske sfearen brocht. In foarstelling mei in bysûnder ferhaal, persoanlike werkenning, humor, live muzyk en mominten, dy ’t yndruk meitsje.
De Fulkaan fertelt it ferhaal fan Emile Pernot, in oan legerwâl rekke wynhanneler, dy’t ûnferwachte in wyndomein ervet yn it Frânske doarpke Sardets. Hy wurdt sa fereale op it moaie doarpke, dat er it beslút nimt om dêr boargemaster te wurden. En dat slagget. Mar dêrmei kriget er ek de swiere taak op syn skouders om dit gehucht fan in driigjende ûndergong te rêden. Dan ûntdekt Emile in sliepende fulkaan en besiket er, mei help fan de doarpsbewenners, om it doarp om te tsjoenen ta in wiere toeristyske attraksje. Mar de situaasje driget folslein út de hân te rinnen. Lykas Plouc, de sweisume help van Emile, it seit: “Op in dei bist de moanne kwyt, wylst de stjerren oan it tellen bist…”


