Fijân fan it folk
Yn in skynber rêstich stedskueroard ûntdekt dokter Thomas Stockmann in ûnrêstjouwende wierheid: it genêzende wetter dêr’t de wolfeart fan de stêd op boud is, blykt swier fersmoarge te wêzen. Wat begjint as in died fan ferantwurdlikens, groeit út ta in fûle striid tusken wierheid en belang.
Mei folle oertsjûging bringt Stockmann syn ûntdekkingen nei bûten. Hy rekkenet op tankberens en erkenning – mar stjit op wjerstân, ûntkenning en úteinlik fijannigens. Want wa’t de wierheid útsprekt, bedriget net allinne in boarne fan ynkomsten, mar ek it soarchfâldich opboude imago fan de mienskip.
Lang om let keart de publike miening him tsjin him. Freonen wurde tsjinstanners, bûnsgenoaten ferdwine, en de dokter komt allinnich te stean. Fêsthâldend as er is groeit er út ta in symboal fan morele moed, mar ek ta in “fijân fan it folk”.
Dit yndrukwekkende ferhaal stelt in tiidleaze fraach: wat bart der as de wierheid botst mei ekonomyske belangen en kollektive eangst? En hoefolle moed is der nedich om stean te bliuwen as elkenien him tsjin dy keart?
In konfrontearjende en aktuele foarstelling oer yntegriteit, macht en de priis fan earlikens.