Opeinde

3 septimber - 6 septimber 2026

logo


Fan Krûmels & brea

Fan Krûmels & brea

FAN KRÛMELS & BREA

In oangripende jûn oer ús eigen skiednis

Yn Fan krûmels & brea nimt in âldere dame ús mei nei har jongerein yn de oarlochstiid yn De Pein. Oan in lange gedekte tafel ûntfangt sy haar beppesizzer en meer bysûndere gasten: in Dútske soldaat, in Ingelske piloat, in fersetsman en syn húshâldster, de dokter en de dûmny. Stadichoan wurdt dúdlik dat dizze minsken inkeld noch libje yn har oantinkens.

 

De dinersêne wurdt ôfwiksele mei sênes út it ferline, en de personaazjes oan tafel wurde wer ta libben brocht yn dat ferline. Dizze sênes lûke ús mei nei in De Pein fan 'e jierren 1940 en 1945 en de dramatyske barrens dy't dêr plakfûnen.

In tiid fan eangst en tekoart, mar ek fan moed, ferset en minske-wêzen.

In foarstelling dy’t rekket, werkenning jout en ferbynt.

Want sels yn tiden fan tsjuster bliuwt der altyd wat oer om te dielen – al binne it mar krûmels.


 

 

 

 

3 september 2026
21.00 oere
Premjêre
4 september 2026
21.00 oere
 
5 september 2026
21.00 oere
 
6 september 2026
21.00 oere
 

Bestel kaarten


Social Media