Eastermar

9 septimber - 16 septimber 2026

logo


Ea komt it wetter

Ea komt it wetter

Iepenloftspul ‘Ea komt it wetter’

Anno 2036.
 

Wat bart der wannear 't fan in lytse doarpsmienskip de ferbining fier te sykjen is?
Sa tinkt men bygelyks ferskillend oer waar en klimaat. Komt it hege wetter of is dat klearebare ûnsin?
Safolle minsken sitte fêstruske yn eigen gelyk! 

 

Yn Ea Komt It Wetter stekt Richt, in moedige, jonge frou, oer nei ‘de oare kant’.
Slagget it har om dizze kar troch te setten? Of is 't reden foar algehiele konsternaasje?

Likegoed gean deistige noeden en soargen yn it doarp gewoan troch.
Mar hokfoar ynfloed hat keunstmjittige tûkens op dizze lytse mienskip? 
En hoe leit it derhinne mei it skûtsjesilen? Bestiet dat noch wol yn 2036?

 

takomst en ferline
hja moetsje inoar
lok en ûngelok
hja lizze ticht by-inoar

 

Ea Komt It Wetter is in meinimmend, minsklik ferhaal fol ferwûndering en fariaasje, humor en tinzen. In koar, sjongers en muzikanten soargje ûnder de foarstelling foar in unike, muzikale ûnderfining.

 

Belibje yn septimber 2026 in ûnferjitlike jûn mei Ea komt it wetter yn Eastermar.


 

 

 

 

9 september 2026
20.00 oere
Reservedatum 10 september
11 september 2026
20.00 oere
Reservedatum 13 september
12 september 2026
20.00 oere
Reservedatum 14 september
15 september 2026
20.00 oere
Reservedatum 16 september
18 september 2026
20.00 oere
Reservedatum 20 september

Bestel kaarten


Social Media