It stik spilet him ôf yn Itaalje en lit sjen hoe’t in tradisjonele konservative famylje fan pastamakkers reagearret as ûnder in feestlik famyljediner de âldste soan en opfolger fan it bedriuw, bekent dat er fan manlju hâldt. De famylje is fan slach en reagearret ferskillend.
Heit is poerrazend en wiist syn soan de doar; in eksintrike tante makket har net sa drok omdat se sels al it noadige meimakke hat en beppe jout in goede rie: Atst altyd dochst wat oaren wolle, hat it libben gjin sin. No wurdt fan de jongste soan Tommaso ferwachte dat er de lieding fan it bedriuw oernimt, mar eins wol hy leaver by syn freon yn Rome bliuwe en skriuwer wurde en. Hy stiet foar in dilemma: kiest er foar syn passy of foar de pasta?