Jobbegea

26 juny - 29 maaie 2014

logo


'Wa is Wa '

'Wa is Wa '

Voorverkoop gestart via website en 0516-461891 en 06 29287896
In stik wat juster hjoed of moarn wol spile wurde kin. Dat wol sizze : It is tiidleas.
Lichtfuottich ...komysk... ûndersteund troch sa no en dan muzyk.
 
It spilet yn in fakânsje plak earne yn Frankryk
 
Lady Hurf en Lord Edgard, neef en nicht,... allebeide al op leeftyd, ha hjir in filla hierd. Se binne hjir mei fakânsje, Lord Edgard foar syn rêst. Lady Hurf hat leaver wat ferdivedaasje en hat dêrfoar har beide nichten útnoege. Eva in jonge widdo en Jullietta om en de by 20 jier.
Beide binne se smoarryk  en it is oan Lord Edgard en Lady Hurf, om te soargjen dat se in lykweardige partner oan de heak slaan kinne. Se wurde dêrby holpen troch de bankiers (heit en soan) Dupont. Lykwols dizze beide ha ek each op de rykdom fan de beide froulju, om ‘t se sels hast bankroet binne. In houlik soe foar harren de oplossing wêze.
Mar der binne mear kapers op de kust.
It skynber sa fredige stedsje wurdt pleage troch bûsehifkers (sekke rollers)
Trije man: Peter Bon, Hektor en Gustaaf hawwe hjir harren berop fan makke. Se ferwikselje faak fan klean en prúk om by minsken yn de kunde te kommen en sa harren slach te slaan.
It komt dus foar: dat de ien de oar, foar in oarenien oan sjocht, en wa is dan wa?
Lady Hurf  mient de âldste noch fan eartiids te kennen en noeget se út, ek by harren yn de filla te kommen.  Hektor en Gustaaf  wurde fereale op de froulju, dogge fan alles om mar yn de geunst te kommen. Lady Hurf fermakket hat kostlik, se set alles nei har hân, mar soms fersint se har wolris....