Jorwert

24 augustus - 21 septimber 2013

logo


production image shadow

De Kloklieder fan Nij Daam

Yn it trochsnee Fryske doarpke Nij Daam is der net jierliks in merke, mar fiere se ien kear yn de fiif jier in grut Lustrumfeest. It feest wurdt organisearre troch de lju dy’t alle toutsjes altyd al yn hannen hawwe. Alles feroaret as de bysûndere Esmee yn it doarp te wenjen komt. Sy iepenet de diskusje en dat bringt nochal wat teweech ûnder de minsken.
Sawol de manlju as froulju bewûnderje de iepenheid en direktheid fan dy nije frou. Der binne sels fjouwer manlju dy’t – sûnder it fan elkoar te witten – oant oer de earen fereale wurde op Esmee.
As healwei de triedden byelkoar komme, reitsje se yn de knoop: ien fan de manlju wurdt op brute wize fermoarde. Alles wiist derop dat Esmee it dien hat – hielendal om’t se fan de ierdboaiem ferdwûn liket. Mar is se wol sa fier fuort? En is se wol de dieder?
De maskerade oan de ein – it Lustrumfeest – liedt de sinderjende apoteoaze yn, as alle rekkens fereffene wurde.
----
Yn 1953 waard yn Jorwert it alderearste iepenloftspul organisearre: in toanielstik yn de iepenloft. Mei dit earste Iepenloftspul, ‘De Klokken fan Jorwert’, waard elkenien betanke dy’t holpen hie de toer fan de Jorwerter tsjerke wer op te bouwen nei’t dy yn 1951 nei ûnderen kaam wie. De notaris stelde genereus syn tún ta beskikking, net wittende dat er ek 60 jier letter de helte fan syn tún seker de helte fan jier kwyt is oan it Iepenloftspul.
Yn 2013 fiert it Iepenloftspul fan Jorwert syn 60-jierrige jubileum mei it stik ‘De Kloklieder fan Nij Daam’; in stik dat rûkt oan it ferline, mar priuwt nei it hjoeddeistige Iepenloftspul Jorwert. It stik past yn de no populêre rige Skandinavyske thrillers: ûnderhûdse spanning, moard en geheimen.