Jorwert

22 augustus - 19 septimber 2015

logo


production image shadow

Augustus

Yn it stik komt it útinoar fallen gesin Westra nei de dea fan de heit wer ris byinoar. Hoewol’t it in tiid fan rou en oertinken wêze moatte soe, ûntaardet it wersjen al gau yn rúzje en gaos om’t de bân tusken mem en dochters net al te goed is. 
Dochs besykje de Westra’s har goed te hâlden: famylje is famylje en dêr moatte je alles foar dwaan; mar binne je bytiden net gewoan better ôf sûnder elkoar?

Augustus is in inktswart drama, mei in humoristyske, hjir en dêr absurdistyske laach. 

Tjerk Kooistra regissearret Augustus. Spilers yn Augustus binne Wiepkje Castelein, Sybrecht Speerstra, Sjoukje Jager, Lieuwe Tolsma, Sjoerd van Beem, Skelte Anema, Doete Stenekes, Chantal van Sluys, Thijs Meester, Fenna Bijlsma en Wytske Vermeulen.


 

 

 

 

speeldata en locaties