Ljouwert

29 augustus - 14 septimber 2013




De Oerfal

De Oerfal

"De Oerfal" giet oer de oerfal op de Ljouwerter finzenis op 8 desimber 1944 wêrby’t de Fryske Knok Ploech (KP) 51 minsken út de hannen fan de Dútske besetter befrijde. It wie in plan fan Piet Oberman, Eppie Bultsma en Wim Steginga, dat útfierd waard troch in grutte groep fersetstriders. By dizze gefaarlike aksje foel gjin skot en waard gjin bloed fergetten. De oerfal wurdt noch altyd sjoen as ien fan de meast wichtige fersetsaksjes yn ús lan yn de twadde wrâldkriich. It stik giet lykwols net allinne oer de oerfal sels, mar ek oer de dilemma’s, dêr’t minsken foar komme te stean as macht en ûnmacht mekoar befjochtsje.