Opsterlân

11 juny - 28 juny 2013

logo


De Reade Loper

De Reade Loper

Kursisten fan in ynboargeringskursus komme nei Nij Beets foar in film oer it doarp yn de earme tiden fan de feanterij. De film is noch net hielendal klear, it stûket hjir en dêr. Mar kursuslieder Veenstra skuort syn publyk op wûnderlike wize wol troch de jûn. De film ferhaalt fan de froulju yn it fean. Oer mem Ruerdsje en dochter Japke dy’t tegearre troch de tiid moatte. Mar ek fan Japkes freondinne  Margryt, dochter fan de feanbaas. It liket yn Nij Beets te gean sa’t it altyd giet, mar sa is’t net. Guon minsken wolle feroaring. Mar hoe? Elk makket in eigen kar. Berêstend, mei de kop yn ’t sân, op de barrikaden of de kânsen dy’t delkomme gripend. De Reade Loper is in famyljefoarstelling mei humor foar jong en âld, mei nuvere bylden, frjemde lûden en inkele serieuze noaten.