Opsterlān

27 maaie - 13 juny 2014

logo


production image shadow

Wylde Grizen

In groep âlderen hat syn nocht fan it geseur oer fergrizing en krimp op it plattelân. Al dy ferhalen oer spoekdoarpen wêr’t allinich mar begrutlike âldsjes wenje dy’t in bulte jild kostje. It is tyd foar aksje. Sy sille wol ris sjen litte hoe Vitaal Opsterlân echt is. It âlde protestbloed út de jierren sechstich brûzet wer troch de ieren. In lêst foar de mienskip? Skyt! De âldsjes komme út de tiid dat se harren mei neat rêde koene. Gewoan, omdat der neat wie. De Wylde Grizen sille dat dy nijmoadrige ambtners en bestjoerders op De Sweach ris efkes goed yndruie. At dy skiters op it gemeentehûs lústerje wolle, dan is it plattelân sa mar rêden! 
Rezjy: Atze J. Lubach. Tekst: Els Buseman. Oersetting: Keimpe Vlietstra. Dekôr: Jaap Groen.
Locatie: iepenloftteater yn Sparjeburd