Wergea

12 juny - 21 juny 2013

logo


Sywart de Soap

Sywart de Soap

Sywart, in kreaze opteine jongkeardel dy’t yn in lyts Frysk terpdoarpke wennet. Sa op it earste gesicht neat bysûnders, sa op it earste gesicht in bytsje sleau sels. It doarpke, ek sa kreas as in krúsbei; in goed ûnderhâlden tsjerkje en kreaze ynwenners yn goed fersoarge wenningen. Sa op it earste gesicht…
Mar it sit oars! Want alles is mar dekor yn in soap dy’t alle dagen miljoenen minsken foar it byldskerm hâldt. En alle kreaze ynwenners binne akteurs dy’t alle dagen wer harren rol spylje. En dan is der wat bysûnders oan ‘e hân; ien persoan is gjin akteur, Sywart. Dizze haadrolspiler wit net better as dat de soap mei alles der omhinne it wiere libben is, hy wennet fan syn berte ôf yn it dekor.
Sywart is lykwols net oars as generaasjes minsken foar him; hy is nijsgjirrich nei it lân achter de hoarizon, hy wurdt ûnrêstich fan de deistige rûtine en krekt as de minske hûndert tûzenden jierren lyn út Afrika teach om de wrâld te ferkennen, sa wol ek Sywart út it lytse doarpke wei, de wiide wrâld yn.
Mar in súksesfolle soap sûnder de tige populêre haadpersoan, dat kostet sjoggers, sponsors, ynkommen, prestiizje. Op it lêst sil de soap ophâlde moatte en dat mei net gebeure. Hjir wurdt it deilis tusken produsint en haadrolspiler. En it is folslein net te foarsizzen hoe’t dit ôfrinne sil.
Foar it earst is der yn Fryslân in Fryske real-live soap ek live te folgjen. By de opnames fan in oantal ôfleveringen fan dizze súksesfolle produksje wurdt der publyk talitten. It is dus mogelijk om as taskôger in ôflevering van dizze bysûndere soap by te wenjen! Fia sites fan it Wergeaster iepenloftspul en fia de sosjale media wurde jo op ‘e hichte hâlden.
De oanfangstiid is alle jûnen om 20:30 oere.
Bestel no kaarten; €17,= p.s. (it 16 siden dikke programmaboekje krije jo der op ta!)
Bestelle fia de telefoan kin ek: (058) 255 12 02 (alle dagen tusken 19:00 en 20:00 oere).
De live útsjoeringen fine plak yn Studio Warstiens. Fanút Mediapark Wergea wurdt eltsenien nei Studio Warstiens ferfierd.