Dronrijp

10 juny - 27 juny 2015

logo


production image shadow

Twifel

Nei in jier skoft bringt Iepenloftspul Dronryp yn 2015 ‘Twifel’ op de planken. ‘Twifel’ is in oersetting en bewurking fan de film en it toanielstik ‘Doubt’ fan John Patrick Shanley. It stik spilet him ôf yn in katolyk fermidden en giet oer (machts)misbrûk. De lêste jierren is  gauris yn it nijs dat yn katolike rûnten bern misbrûkt binne troch folwoeksenen. Jierrenlang hat dêr in taboe op lein en noch is it net maklik om de wierheid boppe tafel te krijen.
As de jonge non Beatrice trochskimerje lit oan har meardere - de âldere non Agaath- dat pastoar Blom wol  in hiel soad omtinken  hat foar ien spesjale learling, slacht de twifel ta. Is der yndie wat oan de hân of bekommeret pastoar Blom him allinnich mar om Ronald omdat dy jonge it thús net maklik hat, sûnder bybedoelings? Der ûntstiet in striid tusken begrip en ûnbegrip en wa docht wa ûnrjocht oan?
De bewurking en rezjy is yn hannen fan Marijke Geertsma en Jan Arendz.  


 

 

 

 

speeldata en locaties