'Kattekwea' is in bisteftich ferhaal oer freonskip, leafde en trou, mar ek oer jaloersk wêze en ûnrjocht. De jonge akteurs spylje dat se bisten binne mei in knypeach nei de minskheid en it miljeu, dêr't we no yn libje. En dat we der sunich op wêze moatte. Mei it doel dat we 'de jeugd' der ek wat fan leare. Want neat is fanselssprekkend, neat is wat it liket.
Masquerade Theater is yn 2013 oprjochte troch in entûsjaste groep jongerein, dy't fan toanielspyljen hâldt, ôfkomstich út Noardeast Fryslân. Yn 2014 is de eigen produksje 'Krisis-kamp' mei súkses spile. Nei oanlieding fan ymprovisaasjes en ynspirearre troch films en boeken is it skript skreaun troch Bianca Wiersma. De measte muzyk en muzykteksten binne spesjaal foar dizze foarstelling skreaun troch Vera van Lierop en wurdt live útfierd troch 4 muzikanten, dy't ûnderdiel binne fan de foarstelling. 'Kattekwea' wurdt spile troch sa'n 20 jongeren yn de leeftiid fan 11 oant 18 jier, dy't de Fryske taal yn stân hâlde wolle. Masquerade Theater bestiet fierder út in bestjoer fan jongeren, dy't mei help fan oaren ek de organisaasje op har nimt. De foarstelling wurdt op in bysûndere lokaasje spile, mei ferrassende kostúms, mei eigen ferskes en muzyk en is geskikt foar alle leeftiden.