Deinum

12 juny - 28 juny 2015

logo


It Deiboek fan Anne Frank

It Deiboek fan Anne Frank

Ik tink net oan alle ellinde, mar oan al it moais dat der noch is!”

  • ..........in sitaat út it deiboek fan Anne Frank;
  • ..........in sitaat skreaun yn ‘e Twadde Wrâldoarloch begjin jierren fjirtich fan de foarige ieu;
  • ..........in sitaat, aktueler as ea, skreaun troch in jonge frou, in bern, ûnderdûkt en ôfsluten fan de bûtenwrâld.

 

Op 12 juny 1929 wurdt yn Frankfurt am Main Annelies Marie Frank berne. Op 12 juny 2015, op har 86ste bertedei, belibbet Fryslân de Frysktalige premjêre fan it Iepenloftspul It Deiboek fan Anne Frank. It deiboek dat har bêste freondinne wie yn ‘e oarloch, it deiboek dat har nei har ferstjerren yn 1945 wrâldferneamd makke.

Dit bysûndere lokaasjeteater nimt it publyk tsjin in unyk dekôr mei nei it libben yn it Achterhûs. It ferhaal wurdt ferteld sa as it wie yn ‘e tiid dêr’t it yn spile. Jo sjogge alle ûnderdûkers yn it deistich libben yn it Achterhûs en fiele harren emoasjes en tinzen. Fan Anne fernimme jo ek har puberale wrakselingen fan it momint ôf dat sy twongen wurdt ûnder te dûken.


 

 

 

 

12 juni 2015
21.00 oere
Premiere
13 juni 2015
21.00 oere
 
18 juni 2015
21.00 oere
 
20 juni 2015
21.00 oere
 
26 juni 2015
21.00 oere
 
27 juni 2015
21.00 oere
 

Bestel kaarten