Opsterlân

27 maaie - 13 juny 2015

logo


Noblesse Oblige

Noblesse Oblige

Adeldom skept ferplichtings, sa leart baron Van Lynden syn dochter Cornelia. Noblesse oblige. Riken binne ferantwurdlik foar minsken dy’t it minder troffen ha. Mei dit doel lit hy in fermogen nei oan de Cornelia-Stichting, it begjin fan wat no Revalidatie Friesland is. Hûndert jier letter besykje Amarins, Bertus, Lammechien en Sylvia wer op eigen fuotten te stean nei in auto-ûngelok, sykte of in beroerte. Moatst sterk wêze en kinst dyn lot sels bepale? Of meist in berop dwaan op de help fan minsken dy’t der better foar sitte? Jildt Noblesse oblige hjoeddedei net foar elk sûn mins? In ferrassende foarstelling oer do en no. Mei humor en ek in stille brok yn de kiel, spektakel en poëzy. Mar ek mei twa Roodkapjes en in wolf op tsjillen. En dat yn it Frysk, Nederlânsk en krûme.

 

Noblesse Oblige, skreaun troch Bouke Oldenhof, wurdt spile yn it ramt fan it hûndertjierrich bestean fan de Corneliastichting (it begjin fan wat no Revalidatie Friesland is. Regisseur: Jan Smitsend en mei humor.


 

 

 

 

27 mei 2015
20.00 oere
 
30 mei 2015
20.00 oere
Besletten foarstelling
3 juni 2015
20.00 oere
 
5 juni 2015
20.00 oere
 
6 juni 2015
20.00 oere
 
10 juni 2015
20.00 oere
 
12 juni 2015
20.00 oere
 
13 juni 2015
20.00 oere