Snakkerbuorren

25 juny - 7 july 2015

logo


De dame komt

De dame komt

Iepenloftspul Snakkerbuorren spilet dit jier it stik ‘De dame komt’, in toanielklassieker fan Friedrich Dürrenmatt yn in Fryske bewurking fan Freark Dam. De rezjy is yn hannen fan Karin Idzenga. 

'De dame komt’ is in swarte en tagelyk absurdistyske komeedzje. It fertelt it ferhaal fan in stedsje dat yn ferfal rekke is. De ynwenners reitsje dan ek hielendal út de skroeven at bliken docht dat in smoarrike âlde dame nei har berteplak werom komt mei yn har hântas ien miljard euro.

Yn ruil foar dat miljard easket sy rjochtfeardigens. It ûnrjocht dat har ea oandien is yn dit plak wol se no rjochtsette. It hiele stedsje is útrûn om de âlde dame te ûntfangen. De juf, de slachter, de dûmny en fansels de boargemaster: allegear steane se te popeljen om harren keunsten te fertoanen by de ûntfangst

Mar dan docht bliken dat de dame hielendal net ynteressearre is yn al dat úterlik fertoan. Sy komt mar foar ien persoan: har âlde leafde Alfred. 
Alfred wurdt troch de bewenners fan it stedsje ûnbedoeld belutsen by de absurde eask fan syn âlde leafde …….. en rekket sa fersile yn in striid op libben en dea.

‘De dame komt’ giet oer de macht fan it jild. As hebsucht it wint fan prinsipes, komme mei in miljard yn it foarútsjoch, ûnfoarsjoene krêften frij. Uteinlik docht bliken dat hast net ien noch wjerstân biede kin oan it grutte jild.


 

 

 

 

25 juni 2015
21.00 oere
Premjère
27 juni 2015
21.00 oere
 
28 juni 2015
21.00 oere
 
1 juli 2015
21.00 oere
 
3 juli 2015
21.00 oere
 
4 juli 2015
21.00 oere
 
5 juli 2015
15.00 oere
 

Bestel kaarten