Snakkerbuorren

7 july - 16 july 2016

logo


Don Juan

Don Juan

'...mar allinich at ik libje kin... sa't ik dat wol...'

 

Yn it spiksplinter nije teater op de Doarpstún fan Snakkerbuorren binne jim dizze simmer getuge fan de skamteleaze aventoeren fan Don Juan: de grutste, meast bekende en beruchte frouljusfersierder út de toanielskiednis.

 

Yn de eigentiidske ferzje fan it stik dêr't Iepenlofspul Snakkerbuorren foar keazen hat, is Don Juan in moderne playboy en soan fan in grutte mediamagnaat. Hy is in losbol dy't genietet fan syn libben sûnder moraal. Syn gedrach smyt de nedige wjerstân op mar hy wegeret him oan te passen. Mei alle gefolgen dêr neffens...

 

Molière skreau it stik yn 1665 as in skerpe komeedzje, wêryn't tema's as egoïsme en altruïsme, hypokrisy en oprjocht wêzen in belangrike rol spilen. Rom trije ieuwen letter liket it stik noch neat oan aktualiteit ferlern te hawwen. Don Juan is algeduerich dwaande syn langsten yn ferfolling gean te litten. Hâld hy ús dêrbei net in spegel foar yn dizze grinzeleaze tiid weryn't hast alles yn ús berik leit? Snakkerbuorren spilet it stik yn de moderne bewurking fan de Flaamske skriuwer Nathan Vecht, ûnder oaren bekind as senarioskriuwer fan de VPRO-searje Missie Aarde, Koefnoen en Klokhuis.

 

Spyldata: 7, 8, 9, 12, 14, 15 en 16 july.


 

 

 

 

7 juli 2016
21.00 oere
 
8 juli 2016
21.00 oere
 
9 juli 2016
21.00 oere
 
12 juli 2016
21.00 oere
 
14 juli 2016
21.00 oere
 
15 juli 2016
21.00 oere
 
16 juli 2016
21.00 oere
 

Bestel kaarten