Om lang en lokkich te libjen is it somtiden better om ôf te dwalen fan gongbere paden. Lang en Lokkich is in hilaryske famyljefoarstelling fan twa klassieke sprookjes dy’t op wûnderlike wize troch elkoar mjukst wurde; in parade oan bekende sprookjesfigueren. Mar neat is wat it liket en alles rint krekt oars ôf as dat we wend binne. Jiskepûster wurdt lytsachte troch har net te prûmkjen styfsuskes Paris en Hilton, Readkapke hat in relaasje mei de grutte boaze wolf dy’t wrakselt mei syn imago en prins Roderick van Oranje Nassaukade wurdt troch syn mem úthoulike. En dan berikt alles in hichtepunt rûn it Grutte Bal.
Rezjy: Wiesje Jansma
Tekst: Don Duyns; Fryske oersetting: Anne Marie Gaikema