Wergea

15 juny - 25 juny 2016

logo


De Suvering

De Suvering

Yn juny spilet Iepenloftspul Wergea op in bysûndere lokaasje it Iepenloftspul ‘De Suvering’. It stik is basearre op de film ‘O Brother where art thou?’ en wurdt regissearre troch Theo Smedes, dy’t earder ek de lieding hie oer it Iepenloftspul yn 2013, Sywart de Soap.

 

Trije ûntsnapte finzenen

‘De Suvering’ giet oer trije finzenen, alle trije binne se mei frouwe justitia in oanrekking kaam en alle trije sykje se in manier om harren dreamen nei te jeien. Wannear’t it slagget om te ûntsnappen geane se op syk nei de skat dy’t ien fan har trijen bedobbe hat. Se ha mar in pear dagen de tiid om de skat werom te finen, want de fallei dêr't it leit sil gau, fanwegen it ôfdamjen fan de rivier, folrinne mei wetter…

 

Frjemde tûkelteammen en nijsgjirrige figueren

Op wei nei de skat komme de trije jongkeardels, Everett Ulysses McGill, Pete Hogwallup en Delmar O’Donnel, yn ferskillende nuvere situaasjes terjochte. Underweis komme se frjemde figueren op harren paad tsjin, wylst se flechtsje foar it gesach. En dan reitsje sy Pete ek nochris kwyt…

 

Op ‘e tiid foar it wetter?

Sille de trije, nettsjinsteande religieuze obstakels, famyljeperikelen en politike flauwekul, út hânnen fan de plysje bliuwe en op it rjochte paad telâne komme? En op ‘e tiid by de skat weze?En binne se úteinlik wier suvere?

 

Lokaasje kriget in nei libben

De suvering yn Wergea, dy’t ûnderdiel útmakke fan de âld Frico, is de set der’t it stik him ofspylje sil. De rauwe set, mei de betonnen treppens en muorren is de basis fan ‘De Suvering’, dat him ôfspilet yn de rûzige jierren 30 yn de steat Mississippi, Amearika.

 

Foarstellingen fan ‘De Suvering’

Iepenloftspul Wergea spylet op 15, 17, 18, 22, 24 en 25 juny de foarstelling ‘De Suvering’ op de âld suvering yn Wergea. Kaarten kinne fan 1 juny ôf fia www.desuvering.nl besteld wurde. De kaarten kostje 13 euro per stik, mar jo kinne ek kieze foar VIP-kaarten. Wolle jo op de hichte bliuwe fan de tariedings? Folgje ús dan op Facebook, Twitter, Instagram of YouTube.


 

 

 

 

15 juni 2016
20:00 oere
Premiêre
17 juni 2016
20:00 oere
 
18 juni 2016
20:00 oere
 
22 juni 2016
20:00 oere
 
24 juni 2016
20:00 oere
 
25 juni 2016
20:00 oere
 

Bestel kaarten